Fertocht ding fûn by Eagmaryp

© Omrop Fryslân
By graafwurk yn Eagmaryp is in fertocht objekt fûn. It is noch net dúdlik oft it giet om in net-ûntplofte bom út de Twadde Wrâldoarloch.
In spesjalisearre oannimmer is oan it wurk op de Graverij yn Eagmaryp, omdat dêr in fleantúchbom lizze soe. Omwenners ha de gemeente dêrop wiisd, doe't dy dêr in rioel oanlizze soe. Om it objekt besjen te kinnen,wurdt it grûnwetter no fuortpompt. Moandei komt de Eksplosive-Oprommingstsjinst om te sjen oft it echt om in bom giet.