Grykse supporters oankommen

27 aug 2009 - 14:47

Tsientallen supporters fan de Grykse fuotbalklup PAOK Saloniki binne op It Hearrenfean oankommen. De fuotbalklup is tongersdeitejûn de Europeeske tsjinstanner fan SC Hearrenfean. Guon supporters binne it sintrum yngien, oaren besykje noch in tagongskaartsje te krijen.

De ferwachting is dat middeis noch in tal supporters nei It Hearrenfean ta komme. De plysje rekkent net op grutte groepen Grykse supporters sûnder kaartsje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)