OKK spilet toanielstik oer JSF

© Omrop Fryslân
Toanielferiening OKK fan Marsum makket in toanielstik oer de JSF. It stik giet oer wat de mooglike komst fan it gefjochtsfleantúch docht mei de minsken en har ûnderlinge relaasjes yn in lytse doarpsmienskip.
Regisseur Jelte Albada wol der net in protestfoarstelling fan meitsje of de werklikheid neispylje. It stik wurdt skreaun oan de hân fan ymprovisaasje en spulopdrachten, dêr't dan wer sênes fan makke wurde. Der wurde noch spilers socht.