Skûtsjes op tiid yn New York

27 aug 2009 - 11:42
  • De Flinterduin komt op tiid oan (foto: Martin de Jong)

De boat dy't tweintich skûtsjes en oare platboaiems nei New York ferfiert, komt op tiid oan foar de festiviteiten om it 400-jierrich bestean fan de stêd hinne.

It skip de Flinterduin rûn al fertraging op yn Harns by it oan board takeljen fan de te ferfieren boaten. Letter die bliken dat in lek yn in brânstoflieding foar noch mear fertraging soarge. Yntusken giet it mei faasje rjochting New York.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)