Theo Postma sterk yn Winsum

Theo Postma
Theo Postma hat woansdeitejûn it kritearium fan Winsum (Grinslân) wûn. De 23-jierrige hurdfytser fan Sweagerbosk naaide yn it begjin fan de 80 kilometer út mei Adriaan Helmantel fan Grins. Healwei gong it Postma net hurd genôch, dat solo waard it peloton dêrnei op in rûntsje setten. Sa krige syn fiifde oerwinning fan it seizoen noch mear glâns.
Adriaan Helmantel waard twadde, Harm de Vries fan Bûtenpost tredde.