Frouljusalvetal ûnderút

27 aug 2009 - 08:58

It Nederlânsk frouljusalvetal hat woansdeitejûn op it EK mei 2-1 ferlern fan gastlân Finlân. Foar goed 16000 taskôgers wiene de Skadinaviërs de hiele wedstryd de bettere ploech. Dochs duorre it oant de santichste minút foardat de Finnen de winnende treffer binnen skeaten. By it skoft stie it 1-1.

De Fryske keepster Loes Geurts, doelfrou fan AZ, keepte in goeie wedstryd. Spits Sylvia Smit fan SC Hearrenfean hie in basisplak.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)