Winst buro Oranjewoud

© Omrop Fryslân
Oranjewoud NV hat yn de earste seis moannen fan dit jier in winst fan 5,3 miljoen euro makke. Dat is in kwart mear yn fergelyk mei it earste healjier fan 2008. De omset is mei 7,5 persint tanaam.
Nettsjinsteande dat it minder giet mei de ekonomy hawwe alle bedriuwsûnderdielen fan Oranjewoud in bydrage levere oan de winst. Dat jildt ek foar it advys- en yngenieursburo fan Oranjewoud mei de haadfestiging op It Hearrenfean.