Undúdlikens ov-chipkaart

De strippekaart bliuwt noch efkes
Der driget ûndúdlikens foar busreizgers dy't hinne en wer reizgje tusken Fryslân, Grinslân en Drinte. Fryslân fiert de OV-chipkaart earder yn as de beide oare provinsjes.
Reizgers kinne dêrom sawol de nije OV-chipkaart as de strippekaart brûke. Sûnder strippekaart is it net mooglik fierder te reizgjen at minsken oerstappe wolle yn bygelyks Grins. Benammen ferfiersbedriuw Qbuzz hat lêst fan dit systeem.