Fiskerijdagen wurde drok

26 aug 2009 - 17:25

De organisaasje fan 'e Fiskerijdagen yn Harns hopet dit jier goed 150.000 besikers binnen te heljen. Dan soene der like folle minsken op it evenemint ôfkomme as yn 2008. Mear drokte kin Harns net oan, seit de organisaasje.

De fiskerijdagen wurde dit jier foar de 50e kear hâlden en dêrom is der mear te belibjen as oare jierren. Sa binne der dit jier mei help fan sponsors mear optredens yn de stêd. Ek is der dit jier in grut reuzerêd fan 40 meter heech.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)