Kultureel protest tsjin oven

If affysje fan 'e manifestaasje tsjin de ôffaloven
Hessel, Nynke Laverman en Abe de Vries binne in pear fan 'e pommeranten dy't op 5 septimber meidogge oan de manifestaasje tsjin de ôffaloven yn Harns. Op de Grote Breedeplaats yn Harns komt in poadium foar sprekkers en muzikale optredens. De manifestaasje is in inisjatyf fan it komitee Afvaloven Nee.
Dy wol de bou fan de oven op de polityke aginda krije. Neffens it komitee hat der nea in goed polityk debat west oer de oven.