Skou op lokaasje moard Ooms

Marinus Ooms
Minsken fan it gerjochtshôf yn Ljouwert sille ynkoarten in skou hâlde op it plak fan 'e moard op Marinus Ooms yn Haulerwyk. Dat is woansdei besletten by de behanneling fan it heger berop fan de trije feroardielden.
By in skou sjogge de rjochters op de lokaasje fan in misdriuw. Boppedat wurde in tal tsjûgen opnij heard troch de rjochter-kommissaris en sil der nij technysk ûndersyk dien wurde. De heger beropsaak is woansdei oanhâlden.