Plysje:soad tips oer relfoto's

26 aug 2009 - 15:16

By de plysje komme in soad tips binnen oer de Cambuur-supporters dêr't de foto's fan op ynternet set binne. Minsken belje, maile of komme lâns op it buro om te sizzen dat se guon minsken kenne. De plysje sette woansdei 21 foto's op ynternet fan manlju dy't fertocht wurde fan belutsenheid by de rellen nei ôfrin fan de wedstriid Cambuur-Roda JC.

Mei help fan dizze aksje wol de plysje de lêste relskoppers oanhâlde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)