Meiwurkers terminal hâlde wurk

26 aug 2009 - 12:27
  • It wurk by de spoarterminal giet safolle mooglik gewoan troch

It grutste part fan it personiel fan it fallite De Vries Transport út Veendam hâldt by in trochstart gewoan har baan, seit kurator Holtz. It giet om goed 280 minsken, wêrûnder in soad Friezen. Sa makket ûnder oare it spoarterminal yn Ljouwert ûnderdiel út fan it bedriuw. Yntusken soene trije noardlike transportbedriuwen harren melden ha om it bedriuw oer te nimmen.

It giet om Koopman, Huisman en MCS. Dy sille it fallite bedriuw no earst finansjeel helpe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)