Flyer-fans helje Levitin

Andrej Levitin yn aksje
Supporters fan iishockeyklub Flyers op It Hearrenfean sammelje jild yn om in âlde bekende werom by de klup te krijen. It giet om Andrej Levitin; hy spile earder ek al foar de Flyers.
In aksje op ynternet hat oant no ta tûzen euro opsmiten. De fans hoopje dat in sponsor inselde bedrach op tafel leit, dan soe Levitin komme kinne. De spiler sels wol graach nei It Hearrenfean en is dus ek bliid mei de aksje fan de supporters. De klup meldt dat de komst fan Levitin rûn is.