Tolk nedich foar PAOK-spandoek

26 aug 2009 - 11:24

Sportklup Hearrenfean hat in tolk ynskeakele om tongersdei by de Europa League wedstriid tsjin PAOK Saloniki de Grykse spandoeken yn it Abe Lenstrastadion te kontrolearjen.

De tolk moat sjen oft der gjin misledigjende teksten op de spandoeken steane. As der wol ferkearde teksten op de spandoeken steane, dan wurde dy troch Hearrenfean ferwidere. PAOK stiet bekend om harren tige fanatike fans. Der wurde tongersdei sa'n 1280 Griken ferwachte op It Hearrenfean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)