Mear dúdlikens spoarterminal

Der komt woansdei mear dúdlikheid oer de takomst fan de spoarterminal yn Ljouwert. It personiel fan it bedriuw wurdt om alve oere ynljochte oer de takomst. It memmebedriuw fan de spoarterminal, transportbedriuw De Vries út Veendam, waard tiisdei troch de rjochtbank fan Grins fallyt ferklearre.
Yntusken soene trije noardlike transportbedriuwen harren melden hawwe foar de aktivitieten fan De Vries. Dat binne Koopman, Huisman en MCS.