Rjochtestudint Ljouwert better

© Omrop Fryslân
Studinten rjocht dy't it earste jier yn Ljouwert de oplieding folgje, helje bettere resultaten as de studinten dy't yn Grins kolleezjes rinne. Dat meldt de Ryksuniversiteit Grins. It is dit jier 25 jier lyn dat Ljouwert de propedeuze-oplieding rjochtsgeleardheid krige.
It idee wie doe dat learlingen dy't krekt klear wienen mei har VWO earder foar de universiteit kieze soenen as dy ticht by hûs wie. Neffens in wurdfierder fan de RUG is dat ek sa.