Minder drok mei webcams

25 aug 2009 - 20:47
  • Op de webcam fan Tresoar is te sjen hoe drok of kalm it is op de Grienewei

De gemeente Ljouwert wol webcams ynsette om de drokte yn de spitsoeren oan te pakken. De webcams moatte op de drokke plakken yn de stêd komme. Minsken dy't yn de stêd wurkje, mar dêrbûten wenje, kinne dan fia ynternet sjen wannear't it it bêste is om op hûs oan te gean.

Ljouwert komt mei dizze tydlike maatregel, omdat der foarearst gjin ekstra diken yn de stêd bykomme sille. De Heak om Ljouwert hinne sil bygelyks pas yn 2015 klear wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)