Bonus foar elektrysk ride

25 aug 2009 - 20:22

Ynwenners fan de gemeente Ljouwert dy't in elektryske auto of scooter oanskaffe, kinne oan't tûzen euro subsydzje fan de gemeente krije. De gemeente wol mei de maatregel it riden op duorsume brânstof befoarderje.

Trije jier lyn beleanne de gemeente ek al minsken dy't in auto op ierdgas kochten. De bonusregeling jildt foar alle Ljouwerters en bedriuwen dy't yn Ljouwert festige binne. Wethâlder Florijn ferwachtet dat in soad minsken belangstelling hawwe sille.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)