Soad stewards by H'fean-PAOK

25 aug 2009 - 16:29

Sportklup Hearrenfean set it maksimaal tal stewards yn foar de wedstriid fan tongersdei tsjin PAOK Saloniki. De Griken stean bekend om har fanatike supporters. It besikersfak sil mei 1250 fans fol sitte, mar de ferwachting is dat de Griken mei folle mear fans nei It Hearrenfean komme.

Hearrenfean sjocht de wedstriid as in A-wedstriid, in wedstriid mei it heechste risiko. Ek by wedstriden tsjin Grins of Ajax wurdt meastentiids it maksimale oan stewards ynset.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)