Gloeilampen ferdwine aanst

Aksje om gloeilampen te behâlden
Fan 1 septimber ôf wurdt in begjin makke mei it útbannen fan alle gloeilampen yn Europeeske winkels. As earste ferdwine takom wike de 100 watt-lampen. Yn 2012 moatte alle gloeilampen plak makke hawwe foar enerzjysuniger lampen.
Guon minsken, lykas de 60-jierrige Auke_Lubach fan Ljouwert krije pineholle fan LED- en sparlampen fanwege in seldsume eachsykte. Troch no de publisiteit te sykjen hopet Lubach lotgenoaten te treffen.