Wrâldrekôr tv-sjen

25 aug 2009 - 15:09

De 30-jierrige Jacco de Vries út Ljouwert is ien fan de trije minsken dy't besykje it wrâldrekôr televyzje sjen te ferbetterjen. De rekôrpoging begjint op 2 septimber en wurdt organisearre troch omropferiening Veronica.

Jacco de Vries waard mei twa oaren keazen út hûnderten minsken dy't har oanmelden, hy moast ûnder oare in medyske keuring dwaan. It âlde rekôr televyzje sjen stiet op 72 oeren.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)