Koartsnút-seehynderkes berne

Sa sjocht in koartsnút-seehynderke derút
Yn it Natuersintrum Amelân binne ôfrûne snein koartsnút-seehynderkes berne. De berte fan dy bistjes yn finzenskip is tige seldsum. It is noch mar ien kear earder foarkaam. It Natuersintrum hie al in wyfke, begjin july kaam der in mantsje by.
De beide koartsnút-seehynderkes waarden byelkoar yn in akwarium set en letter waard it mantsje swanger. By seehynderkes draacht it mantsje de jongen yn in briedbûdel. De draachtiid is sawat fjouwer wike.