Gerdi Verbeet nei Fryslân

25 aug 2009 - 11:55

Foarsitter Gerdi Verbeet fan de Twadde Keamer is woansdei op besite yn Fryslân. De wurkbesite stiet yn it ramt fan ynnovaasje en ynnovative ûndernimmers. Verbeet sil earst nei Spannum. Dêr sjocht se by it atelier fan ûntwerpster en keunstneres Claudy Jongstra. Dêrnei stapt Verbeet op it steatejacht foar in fartocht.

Middeis bringt se in besite oan Grendel Games yn Ljouwert. Dat bedriuw ûntwikkelet edukatyf kompjûterspul. Dy wurde ûnder oare ynset by revalidaasje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)