Brantsjestokers oanholden

25 aug 2009 - 10:46

De plysje hat ôfrûne nacht trije Ljouwerters fan 16, 23 en 24 jier oppakt foar baldiedigens. Oan it begjin fan de nacht krige de plysje in melding dat der yn de Vuurdoornstraat brân wie. Doe't de plysjes dêr kamen, seagen se in aardich grut fjoer. De 16-jierrige jonge smiet wat yn de flammen en naaide dêrnei út.

Nei in koarte achterfolging koe er oanholden wurde. Hy ferklearre dat er net allinnich wie en wiisde de beide oare fertochten oan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)