Gemeente wol nijbou yn Wier

25 aug 2009 - 10:36

De gemeente Menameradiel wol de bou fan sân nije huzen yn Wier trochsette. Tsjin de plannen is mar ien beswier ynkommen en dat is foar de gemeente gjin reden om de proseduere stop te setten. Yn Wier wurdt in nije strjitte oanlein, de K.J. van den Akkerstrjitte.

Dêr komme twa dûbele huzen en in blokje fan trije wenningen te stean. Neffens it bestimmingsplan meie der op dat plak yn Wier allinnich bedriuwen stean, mar de gemeente wol dat oanpasse.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)