Burgernet-aksje fermist jonkje

25 aug 2009 - 10:24

De plysje hat moandei in Burgernet-aksje opset foar in fermist jonkje fan 5 jier út Ljouwert. De jonge wie om kertier oer trijen hinne by skoalle weigien, mar net thúskaam. De plysje begûn dêrom in Burgernet-aksje.

Hast 1600 minsken hawwe mei de plysje útsjoen nei it jonkje. Nei goed twa oeren wie er wer terjochte. Doe kaam it jonkje ynienen wer oanrinnen by syn hús. Wêr't hy yn dy twa oeren west hat, is noch ûndudlik.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)