Mei ynvalidekarke de sleat yn
In 78-jierrige man út Drachten is moandeitemiddei yn Olterterp mei syn ynvalidekarre in sleat ynriden. It is noch net dúdlik hoe't dat barre koe.
Omstanners hawwe de man út it wetter helle en earste help ferliend. De Drachtster wie ûnderkuolle. Hy is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.