Noch 28 relskoppers oanholden

22 relskoppers komme mei de foto op ynternet
De plysje hat de ôfrûne twa wike 28 minsken oanholden foar de rellen op 3 juny nei ôfrin fan de wedstryd Cambuur-Roda JC. Mei elkoar binne der no 47 relskoppers oppakt. De kommende tiid sil de plysje noch mear oanhâldings dwaan.
Fan 22 fertochten is de identiteit noch net bekend. Harren foto's komme woansdei op de opspoaringssite www.dadergezocht.nl te stean. In wike letter wurde de foto's toand yn it tv-programma Opsporing Verzocht.