Pieter-Jan Postma fiifde op EK

24 aug 2009 - 20:21

Pieter-Jan Postma stiet nei de earste dei fan it Europeesk kampioenskip yn de Finn op it fiifde plak. De siler fan Terkaple kaam yn in fjild fan 75 dielnimmers yn de earste twa wedstriden as tredde en achtste binnen. Mei alve punten betsjut dat in fiifde plak.

It EK wurdt syld yn it Bulgaarske Varna op de Swarte See. De Kroaat Ivan Gaspic giet nei de earste dei oan de lieding mei fjouwer punten. It EK duorret oant en mei sneon.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)