Piter Jelles fan skoalgevel ôf

De namme Piter Jelles ferdwynt fan de gebouwen fan 'e grutste skoalmienskip fan Fryslân. Dêfoar yn 't plak krije de ferskate lokaasjes de eigen namme werom. Sa hjit Piter Jelles Gymnasium fan dit skoaljier ôf wer Stedelijk Gymnasium.
Mei de feroaring wol de direksje it eigen karakter fan 'e skoallen better yn 'e merk sette. Neffens de direksje hat it neat te krijen mei de negative publisiteit dy't der de ôfrûne jierren west hat by Piter Jelles.