Renovaasje Reidingpark begûn

24 aug 2009 - 14:21

Yn Drachten is moandei út ein set mei de grutte opknapbeurt fan it Reidingpark. Der wiene de lêste tiid al wat beammen fuorthelle, mar no giet it echt oan. De ûnderbeplanting giet fuort, der komme nije paden en de wâlbeskoeiïngs fan 'e fivers wurde oanpast.

Earder wiene der plannen om de 'berch' yn park te sljochtsjen, mar dat idee is skrast nei ferset út 'e buert. Mar de buerbewenners fan it park binne en bliuwe kritysk oer de renovaasje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)