Jeugdsoas Grou moat ticht

Jeugdsoas It Stee oan de Oedsmawei yn Grou moat ticht. Dat seit it kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan Boarnsterhim. It gebou soe te ticht by in LPG-tankstasjon stean. Dat wie altyd al sa, mar de regels binne no oanskerpe en dat hâldt yn dat de jeugdsoas net langer dêr bliuwe kin.
Neffens it kolleezje is it gjin opsje om de soas te ferpleatsen. Wethâlder De Haan fan Boarnsterhim seit dat der ek net in soad belangstelling mear is ûnder de jongerein foar de soas.