Plakette foar omkommen Friezen

© Omrop Fryslân
Yn de Johannes Postkazerne yn Havelte wurdt tiisdei in plakette ûntbleate ta oantinken oan tritich omkommen Friezen fan it oarlochfrijwilligersbataljon Fryslân. Dy kamen flak nei de oarloch om it libben doe't se ynset waarden yn it eardere Nederlânsk-Yndië.
De plakette wurdt ûntbleate by in spesjaal appèl fan it 44ste pantserinfanterybataljon. Dêr sil ek in fertsjintwurdiger fan de provinsje Fryslân by wêze. It bataljon waard oprjochte út leden fan it ferset.