Feenstra kening fan Bitgum

24 aug 2009 - 10:48
  • Wassenaar, Feenstra en Van der Meulen op de fytsen dy't se krekt wûn hawwe

Johan van der Meulen, Jacob Wassenaar en Marten Feenstra binne de winners wurden fan de Van Aisma-dei 2009. Yn de finale waard it partoer fan Rutmer van der Meer, Renze Pieter Hiemstra en Taeke Triemstra ferslein. It wie in spannende finale mei alles oan de hang. Op 5-5, 6-6 makke Marten Feenstra de partij út mei in boppeslach.

Marten Feenstra waard keazen ta kening fan de Van Aisma-dei 2009.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)