Burgernet helpt by fermissing

24 aug 2009 - 10:13

In fermist famke fan seis jier út Ljouwert is sneintejûn mei help fan Burgernet werom fûn. It famke gie snein op 'e fyts fan hûs. Doe't se nei in oere noch net werom wie, warskôgen har âlders de plysje. Dy begûn in Burgernetaksje. De plysje seach mei hast tûzen minsken út nei it famke. Ferskate minsken hawwe Burgernet belle om ynformaasje troch te jaan.

Ien fan de dielnimmers oan de Burgernetaksje, in plysje, fûn it famke oan de Keizerskroon.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)