Dronken autorider oan kant set

© Omrop Fryslân
Twa plysjeauto's moasten der moandeitemoarn betiid oan te pas komme om in dronken automobilist oan de kant te krijen. Plysjes woene de man (34) út Muntsjesyl kontrolearje en joegen him in stopteken. De bestjoerder bleau lykwols gewoan trochriden.
Omdat de plysje tocht dat de man dronken hie, waard der in twadde plysjeauto by roppen. Uteinlik koe de autobestjoerder oan de kant set wurde. Op it buro die bliken dat er fierstente folle dronken hie.