Asbest Nijbeets op hiem pleats

24 aug 2009 - 10:09
  • Dizze pleats gie snein ferlern troch in fûle brân

It asbest dat snein frijkaam by in brân yn in pleats yn Nijbeets leit allinnich op it hiem fan de pleats. Dat lit de gemeente Opsterlân witte. De eigner fan de pleats hat yntusken opdracht krigen in bedriuw it asbest op romje te litten. Snein waard omwenners oanret om ruten en doarren ticht te hâlden fanwege it asbest.

De pleats waard troch de brân folslein fernield, der rekken gjin minsken en fee ferwûne. De technyske resjersje docht moandei ûndersyk nei de oarsaak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)