Van Aken bêste jonge keeper

© Omrop Fryslân
De 16-jierrige Steven van Aken út Ljouwert is de bêste keeper by de hockey-jongerein. Dat die snein bliken by it nasjonaal kampioenskip yn Amstelveen. Steven hold dêr fan 16 jonge keepers de measte ballen.
De Ljouwert wûn dêrmei in clinic foar syn club MHCL. Dy clinic wurdt fersoarge troch ien fan de keepers fan it nasjonaal manljus hockey-alvetal.