Q-music siket nije Johan

Mirjam Timmer en Johan van der Veen
Radiostjoerder Q-music begjint moandei in syktocht nei in nije sjonger foar Twarres. It giet om de ferfanger fan Johan van der Veen, dy't yn 2003 út it duo stapte. Sjongeres Mirjam Timmer joech foar de simmer by Q-music oan wol wer begjinne te wollen mei Twarres. DJ Ruud de Wild fan de stjoerder bea dêrop oan har te helpen by it finen fan in nije kollega.
Belangstellenden kinne har fia de webside 'opzoeknaarjohan.nl' melde. Begjin septimber wurdt in winner keazen.