Tsjûgen socht fan oanriding

23 aug 2009 - 17:16

De plysje is op syk nei in lytse reade auto dy't sneintemoarn betiid in oanriding feroarsake hat yn Ljouwert. De oanriding barde om in oere as 06.30 hinne op de Troelstrawei.

De bestjoerder kaam ter hichte fan it eardere azc Burmania foar in part op de oare kant fan de dyk telâne en rekke doe in oare auto. Hy ried dêrnei troch yn 'e rjochting fan Stiens. De reade auto moat aardich wat skea hawwe oan de linkerkant. Hy mist yn alle gefallen syn linkerbûtenspegel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)