Ald bêd yn 'e brân yn Ljouwert

23 aug 2009 - 17:13

Twa manlju fan tweintich út Ljouwert en It Hearrenfean hawwe sneontejûn brân stifte yn it Abbingapark yn Ljouwert. Se hiene benzine oer in âld bêd hinne jitten en ferfolgens yn 'e brân stutsen.

Doe't de brân hieltyd grutter waard, kaam de brânwacht der by. Dy hie it fjoer ridlik gau ûnder kontrôle. Tsjin beide manlju is proses-ferbaal opmakke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)