Tsjûgen socht fan fernielings

© Omrop Fryslân
De plysje hat yn de nacht fan sneon op snein in ûndersyk nei fernielings op de Weidemaad yn Easterwâlde ynsteld. In tsjûge seach dat fjouwer jonges in stek fernielden. Ek seach er dat de manlju oer in auto hinne rûnen en dat se in boerd fan 'hûs te keap' fuorthellen.
Even letter ferdwûnen de manlju. De plysje hat de fandalen net mear fûn. Tsjûgen dy't wat sjoen ha, kinne har fia 0900-8844 of fia it anonime nûmer 0800-7000 by de plysje melde.