Fernielings yn Harns

23 aug 2009 - 16:34

Twa manlju fan 15 en 19 jier út Harns en in 14-jierrige ynwenner fan Ljouwert binne om midsnacht hinne oanholden yn de Johan van Oldenbarneveldtstrjitte yn Harns. Se hiene blombakken, jiskefetten en in doarbel fernield.

Fia in tsjûge, dy't fuortdaliks 112 belle en in goed sinjalemint trochjoech, koe de plysje de dieders oanhâlde. It trio hat proses-ferbaal krigen op it plysjeburo. De âlden fan de jongeren binne op de hichte brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)