Man sûnder rydbewiis oanholden

© Omrop Fryslân
In 61-jierrige Ljouwerter is sneontemiddei op de Boskumerdyk yn Ljouwert oanholden omdat er sûnder rydbewiis en ûnder ynfloed fan alkohol ried. Plysjes hiene in tip krigen dat in man siik yn 'e auto siet.
Doe't se by him kamen, sei de man dat er op ien wachte. Ut ûndersyk die bliken dat de man gjin jildich rydbewiis hie. It die ek bliken dat er dronken hie. Op it buro blies de man 920 ug/l. Hy hat proses-ferbaal krigen en syn auto is yn beslach naam.