Frouljusalvetal wint yn Finlân

23 aug 2009 - 15:55

It Nederlânsk frouljusalvetal is it Europeesk kampioenskip fuotbal yn Finlân goed begûn. Yn Turku wûn Nederlân sneintemiddei mei Loes Geurts yn it doel mei 2-0 fan Oekraïne.

Dy stân stie al nei njoggen minuten op it skoareboerd. De oare Friezinne Sherida Spitse siet 90 minuten lang op de bank. Woansdei stiet it duel tsjin Finlân op it program.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)