Ter Heide: 4 wedstriden skorst
SC_Cambuur-oanfaller Ruud_ter_Heide is fjouwer wedstriden skorst, wêrfan ien ûnder betingst, nei syn reade kaart tsjin MVV. Hy joech in stjit mei de earmtakke yn it gesicht fan Laurent Castellana.
Ter Heide mist dêrtroch de wedstriden tsjin Volendam, Den Bosch en Haarlem. Nei alle gedachten nimt Mark de Vries it plak fan Ter Heide oer, al woe trainer Stanley Menzo dêr neat oer sizze. Fierder feroaret der neat oan de opstelling fan Cambuur.