Seeswimtocht by Harns

© Omrop Fryslân
By Harns wurdt snein foar de 39e kear de seeswimtocht holden. Ferline jier gie de swimtocht fan twa kilometer net troch fanwege it minne waar en it kâlde wetter. Oan de seeswimtocht kinne maksimaal 250 minsken meidwaan. Dy moatte har snein ynskriuwe.
De wedstriid begûn om 13.00 oere yn de haven fan Harns by de Willemskade. De earste swimmers kamen om 13.30 oere hinne wer oan by de einstreek op it Harnzer strân.