Tsjerk Kramer ferstoarn

© Omrop Fryslân
De 62-jierrige Tsjerk Kramer út Warns is freedtejûn ferstoarn oan in hertstilstân. Kramer hat goed 7 jier foar de FNP yn de gemeenteried fan Nijefurd sitten. De earste fjouwer jier wie er riedslid, dêrnei waard er fraksjefoarsitter.
Kramer hat him altyd dúdlik útsprutsen tsjin de gemeentlike weryndieling yn de Súdwesthoeke fan Fryslân. Wannear't Kramer te hôf brocht wurdt is noch net dúdlik.