Fryske ballonfeesten letter

23 aug 2009 - 10:17
  • Ballonfeesten takom jier letter

De 25ste edysje fan de Fryske Ballonfeesten op 'e Jouwer wurdt yn 2010 in wike letter holden. Dat hat te krijen mei de datum fan de Swipe Dei. Dy is op 16 july. De Ballonfeesten soene fan 21 oant en mei 25 july plakfine. Dat wurdt in wike letter, fan 28 july oant en mei 1 augustus.

De organisaasje hat oars gjin tiid genôch om alles ta te rieden. De Swipe Dei kin net ferskood wurde, omdat dy datum al fêst leit by de Nederlandse Draf- en Rensport.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)